Op ''e literaire toer

Op ''e literaire toer
Titel: Op ''e literaire toer
Auteur: Hessel Miedema
Bestelnr.: 9789089543912
Verschenen: 18 april 2012
Prijs : € 6,00
Beoordeling: (0 stemmen)
Lees beoordelingen | Schrijf een beoordeling
Plaats in winkelwagentje
Vorige
 
Let op: dit is een eBoek!
Meer informatie over het bestellen, downloaden en gebruiken van eBoeken
ePUB (watermerk) Type eBoek: ePUB
Beveiliging: Watermerk
 

Hast alle opnommen wurk yn dizze sammelbondel hat earder yn it literêr tydskrift Quatrebras stien. By de poëzij is de leafdessyklus `Trettjin fersen', mei de bekende rigels: `dêrom lei ik de kul oer 't skouder / en reizge floitsjend ôf', en de grutte sykli `Stadich brekke de foarmen út 'e skyl' en `De greate wrakseling'. Proaza: elf koarte ferhalen yn in yn syn tiid nije styl, sûnder ynterpunksje en haadletters, fol fan kontinu streamende taal dy't de lêzer meifiert as yn in film. Fierder in ienakter, in krityk en in Hollânsktalige ôfskiedsbrief. Fan `De greate wrakseling' ferskynde yn 2005 in aparte nije útjefte by útjouwerij Venus. Dizze útjefte is de werútjefte fan de earste printing út 1973. It boek is net omstavere. `De greate wrakseling' soe it epos fan it skeppingsproses neamd wurde kinne of it epos fan de moderne minske, dy't it paad bjuster is, dy't weet hat fan oarsprong en sin en opnij begjinnen, fan de ivige ûnderstream fan it libben en dy't syn hâldfêst fynt yn it skeppend, it dichterlik dwaande wêzen. Wat stil stiet ferkomt. Sjoerd Leiker yn De Tsjerne Yn Miedema hat Fryslân in skriuwer fan alluere hân, mar suver gjin mins ken him, lêst him en wurdearret him. Tr. Riemersma yn It koarte forhaal yn 'e Fryske literatuer fan de tweintichste ieu De besieling, passy en driuw dy't dat gedicht [de grutte wrakseling] jeie en de manier sa't de dichter mei nije foarmen boartet, hawwe yn de Fryske poëzy amper har gelikens. Eeltsje Hettinga yn de Moanne

 

Klantbeoordelingen

Schrijf een beoordeling over dit product